Blessuere makket ein oan tennisseizoen Sander Arends

De Ljouwerter tennisser Sander Arends komt dit jier net mear yn aksje. Hy hat lêst fan it ankel en moat de kommende tiid rêst nimme. Arends rûn de blessure sneon op yn de heale finale fan it toernoai fan Eckental.
Sander Arends © www.orange-pictures.nl
It gong mis by in stân fan 11-11 yn de supertiebreak. Arends oerstrekte doe de ankelbân. "Het is niets ernstigs," seit Arends, "maar het is ook niet bepaald het gewenste einde van het seizoen."

Blessuere kostet plakken op ranglist

Yn de kommende wiken hie de tennisser in soad punten te ferdigenjen. Omdat dat no net kin, sil er weromfalle op de wrâldranglist. Nei alle gedachten bliuwt Arends krekt yn de top 100 stean.
Arends slacht de Australian Open yn jannewaris oer. Ynstee dêrfan rjochtet hy him op de Europeeske challengers oan it begjin fan it jier.

In oare dûbelmaat?

It is noch net bekend oft Arends takom jier wer mei Romain Arneodo fan Monaco spylje sil, syn dûbelmaat fan de lêste wiken. "Alle opties zijn open. We gaan nadenken en over twee weken maken we een beslissing. Nu eerst vakantie," seit Arends.