Patrick Roest en Douwe de Vries: fenomenaal op 10.000 meter

04 nov 2018 - 16:18

Patrick Roest en syn ploechmaat Douwe de Vries hawwe it publyk yn Thialf yn ekstaze brocht op de 10.000 meter fan it kwalifikaasjetoernoai. Roest, al winner fan de 1500 en 5000 meter, hie in persoanlik rekôr op de 10 km fan 13.21.11. Hy brocht it snein nei 12.47.89, goed foar de winst. Nestor Douwe de Vries hie 13.04.02 as bêste tiid stean. Hy kaam no út op 12.56.71.

Douwe de Vries - Foto: OrangePictures

Fansels die Jorrit Bergsma ek goed mei. Hy waard krekt efter Douwe de Vries tredde yn 12.56.89. Yn desimber stiet de 10.000 meter op it programma fan it wrâldbekerseizoen. Dan wurdt der riden yn Poalen.

Patrick Roest - Foto: OrangePictures

Douwe de Vries

Jorrit Bergsma

(advertinsje)