Brân ûnder reidtek fan pleats yn Nijeholtpea

04 nov 2018 - 15:39

Yn Nijeholtpea is brân útbrutsen yn in pleats. It giet om in wenbuorkerij mei in reidtek. Dat meldt de brânwacht. Alle minsken binne der út. Der komt in protte reek ûnder it tek wei.

Foto: De Vries Media

De brânwacht is mei meardere weinen útriden. Brânwachtminsken út Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Hearrenfean binne oproppen om it fjoer te bestriden. Om de brân te blussen hellet de brânwacht it reiten tek fan de pleats ôf.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân Nijeholtpea
(advertinsje)