Olympysk kampioene Esmee Visser wint 5000, De Jong twadde

04 nov 2018 - 14:23

Esmee Visser, de Olympysk kampioene op de 5000 meter, hat dizze ôfstân ek wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Visser ried krekt gjin persoanlik - en baanrekôr, mar wie fierwei de bêste. Har winnende tiid: 6.50.64.

Antoinette de Jong, de winnares fan de 1500 en 3000 meter, waard twadde yn 6.57.66. It tredde plak wie foar Melissa Wijfe yn 6.58.80, in moai persoanlik rekôr.

Antoinette de Jong - Foto: OrangePictures

Carien Kleibeuker waard fjirde yn 7.02.29 en Reina Anema fiifde yn 7.03.57. Dizze fiif froulju sille yn desimber de wrâldbekerwedstriid op de 5000 meter ride op de nije oerkape iisbaan, de Lodowa Arena, yn Tomaszow Mazoviecki yn Poalen.

Esmee Visser - Foto: OrangePictures

Reina Anema wie tige optein mei har twadde startbewiis foar de wrâldbekerwedstriden.

Carien Kleibeuker hie net ferwachte dat se fjirde wurde soe. Se is part-time reedrydster, en se hat in harsenskodding hân. Dy kombinaasje is net ideaal., seit se.

(advertinsje)