SC Hearrenfean wint wer net yn eigen hûs: 1-1 tsjin FC Emmen

04 nov 2018 - 14:15

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn eigen hûs mei 1-1 gelyk spile tsjin promovendus FC Emmen. Lang stienen de Feansters op winst, mar flak foar de ein skoarden de Drinten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Emmen hie de mooglikheden en de kânsen, benammen yn de earste helte. It tempo by de Feansters lei te leech en waard ek net opfierd nei de goal fan Zeneli. Yn de 30ste minút skoarde de Kosovaar út in frije traap.

Yn de 88ste minút skoarde Niemeijer mei in kopbal de lykmakker. Yn de blessueretiid hie Pierie noch in kâns, mar dy mislearre.

Nei ôfrin wie de teloarstelling grut by spilers en publyk. SC Hearrenfean hie winne moatten fan de nûmer 16.

It is de ploech fan Jan Olde Riekerink dit seizoen noch net slagge om in wedstriid yn it eigen Abe Lenstra stadion te winnen.

Kik Pierie

Jan Olde Riekerink

Arber Zeneli

(advertinsje)