Durk Pool is boas oer 13de plak op de VVD-kandidatelist yn Steaten

VVD-Steatelid Durk Pool is it net iens mei it 13de plak op de kandidatelist fan de VVD foar de steateferkiezings fan takom jier. Pool stie by de foarige ferkiezings op in tredde plak mar is no tsien plakken leger set.
© VVD
It Steatelid is teloarsteld oer it plak en giet ek net samar akkoart. It is noch in foarriedige list. De algemiene ledegearkomste fan de VVD Fryslân moat noch gear oer de foarstelde list. Dat sil op 15 novimber wêze.
De list fan de VVD sa as no foarsteld wurdt hat op nûmer 1 deputearre Klaas Kielstra, op nûmer 2 Avina Fokkens út Ljouwert. Op nûmer 3 stiet no Marten Dijkstra fan Aldeboarn. Harry Bevers stiet op it 4e plak.
Durk Pool oer it 13e plak