Plysje hâldt fiif minsken yn Boalsert oan foar wapenbesit

04 nov 2018 - 13:42

De plysje hat sneintemoarn fiif minsken oanhâlden foar wapenbesit yn Boalsert. Yn in wente oan de Hoogstraat fûn de plysje in fjoerwapen.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

In tsjûge hie earder in knal heard en seach dat der sketten wie mei it wapen. Twa manlju dy't nei bûten rûnen, in 31-jierrige Dútser en in 32-jierrige man út Wytmarsum, en trije froulju fan 24 oant 29 jier út Boalsert dy't yn de wente sieten, binne meinommen nei it plysjeburo.

De plysjes hiene wapenfesten oan en it wapen yn de oanslach by de oanhâldings. It wapen is yn beslach nommen en wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
plysje Boalsert fjoerwapen
(advertinsje)