Skriuwer Josse de Haan pleitet foar oersettingen fan Fryske literatuer

Josse de Haan is efkes werom yn Fryslân. Al sûnt 1999 wennet de Fryske skriuwer yn Hendaye, in plakje op de grins fan Frânsk en Spaansk Baskelân. Hy is dizze wike werom yn it heitelân fanwege in reüny fan it eksperimintele literêre blêd 'Quatrebras'. Yn Tresoar wie dêr freedtejûn 'De nacht fan Quatrebras'.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Quatrebras wie in literêr blêd, in soarte fan tsjinhinger tsjin de fêstige oarder fan skriuwers yn Fryslân yn de jierren 50 en 60 dy't yn it blêd 'De Tsjerne' publisearren. Josse de Haan debutearre yn 1962 yn Quatrebras, dêrnei brocht er in grut oeuvre út.
"It begûn eins as Amsterdamsk studinteblêd mei minsken as Hessel Miedema, Sybe Sybesma en Marten Brouwer. Se makken oare literatuer as dat minsken wend wienen, moderne poëzy, en se hienen mear ferbiningen yn Europa. De Nacht fan Quatrebras wie in nijsgjirrige jûn fan fjouwer oeren." Sa fertelde Josse de Haan yn Buro de Vries.

Status

Om de taal mear oansjen en status te jaan, is it belangryk dat Fryske wurken oerset wurde fynt De Haan. "Yn Baskelân dêr't ik wenje, wurdt alles wat yn it Baskysk ferskynt ek yn it Spaansk en Ingelsk oerset. Dat moat mei it Frysk ek. Deputearre Sietske Poepjes moat dêr jild oan jaan."
"Lêsten is 'Swallows and floating horses' ferskynd, in antology oer de Fryske literatuer oer tûzen jier. Sa'n oersjoch yn it Ingelsk jout oan wat der is. Literatuer is in delslach fan wat libbet yn de mienskip."
Ek pleitet De Haan derfoar dat skoalmasters en -juffers ferplicht Frysk leare en de akte helje. "As der gjin minsken binne dy't Frysk jaan kinne, is dat skandalich. Dan is de taal ta de dea feroardiele."

Krityk

Ek fynt er dat der in wurkbeurs komme moatte soe foar in ûnôfhinklik kritikus om nei de Fryske literatuer te sjen. "Ek fan negative krityk kinst leare. Fan de applausmasines op Facebook learst neat."