Dûmny Wim Stougie oer it bernepardon: "We kinne net ôfsidich bliuwe"

04 nov 2018 - 12:11

Tim Hofman hat in flinke stien yn de fiver fan de Haachske polityk smiten mei syn dokumintêre 'Terug Naar Je Eige Land'. Mei it jonkje Nemr fan 9 gie hy nei it Binnenhof om politisy te konfrontearjen mei de problematyk fan it bernepardon.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Mear minsken binne dwaande mei it opkommen foar minsken dy't útset wurde moatte. In Armeenske húshâlding sit yn de Betheltsjerke yn Den Haag en der binne maratontsjinsten om derfoar te soargjen dat se net útset wurde.

It wie hiel yndrukwekkend

Dûmny Wim Stougie hat by de famylje west, sa fertelde er yn Buro de Vries. Hy is dûmny yn Eastermar, mar wie sneon yn de Betheltsjerke yn Den Haag. "It wie hiel yndrukwekkend. De famylje wennet dêr en ik ha in tsjinst dien, der wienen sa'n tsien besikers by. De famylje hat trije bern, de jongste is 15 jier. Ik moast fuort oan myn eigen soan tinke, sa'n jonge wol fuotbalje, mar se komme net bûten. As se bûten rinne, kin it wêze dat de IND se oanhâldt."

Se begripe it net

"It wie in moaie tsjinst, we ha lieten songen, mei elkoar oan it bidden west en ik ha in ferhaal hâlden. Nei ôfrin wie der pizza en koe ik mei-ite en doe ha we praat. Se begripe gewoan net wat der gebeurt. Se sizze 'we ha alles neffens de regels dien en fan de rjochter mochten we bliuwe, mar der wie in beswier en dat hat de steat wûn.' Ik ha der fjouwer oeren west en wie bliid dat ik doe wer bûten stie, yn de frisse lucht. Mar dat kinne sy dus net."

We moatte in sinjaal jaan

Wim Stougie is hinnegien om't er him belutsen fielt, krekt as earder mei de Afgaanske flechtlinge Maedeh yn Burgum. "Har ferhaal makke yndruk. We kinne net ôfsidich bliuwe."

Oft syn aksje helpt, is lestich oan te jaan. "We moatte in sinjaal jaan, it kin sa net. Dit binne bern. It momint is der no. En as der genôch druk is, wurdt it fansels oars."

(advertinsje)