Sven Kramer meldt him ôf foar de 10 kilometer yn Thialf

04 nov 2018 - 10:46

Sven Kramer hat him ôfmeld foar de tsien kilometer dizze snein yn Thialf. Dat betsjut dat hy net meidocht oan it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai foar de tsien kilometer. Kramer hat tefolle lêst fan syn rêch. Syn plak wurdt ynnaam troch Bart de Vries.

Foto: OrangePictures

Sven Kramer waard sneon fiifde op de 1.500 meter en freed tredde op de 5.000 meter.

Op dy lêste ôfstân seach hy dat Patrick Roest syn baanrekôr ôfpakte. Hy joech doe al oan dat hy net top is troch pine oan syn rêch.

Trefwurden: 
reedriden Thialf Sven Kramer
(advertinsje)