Tsientallen filmmakkers yn Ljouwert binne dwaande mei in race tsjin de klok

04 nov 2018 - 10:16

25 Filmteams binne dit wykein yn Ljouwert dwaande mei in race tsjin de klok. De dielnimmers oan it 48 Hour Film Project moatte yn 48 oeren in koarte film skriuwe, opnimme en montearje. Se moatte de film dizze snein klear hawwe.

Foto: Omrop Fryslan

Yn dizze films moatte in tal fêste details opnaam wurde. Sa moat der yn alle gefallen in prûk brûkt wurde en moat ien fan de personaazjes in eftergrûnsjonger wêze mei de namme Eric as Erica Bouwman.

It resultaat fan de wedstriid yn Ljouwert is takom wike te sjen op it Noordelijk Film Festival. De priisútrikking is op 10 novimber.

It 48 Hour Film Project wurdt dit jier alwer foar de sechde kear hâlden yn Ljouwert.

Amerikaansk inisjatyf

It 48 Hour Film Project is in Amerikaansk inisjatyf út 2001. Al mear as 130 stêden oer de hiele wrâld dogge mei. De bêste film fan elke stêd wurdt sjen litten by Filmapalooza; de jierlikse 48 Hour Film Project finale. Dizze finale is it jier yn Parijs.

(advertinsje)