Da Capo is Iepen Nederlânsk kampioen yn de tredde difyzje op it ONHK

04 nov 2018 - 09:50

Op de Open Nederlands Harmonie Kampioenschappen is Da Capo út Ljouwert sneon winner wurden yn de tredde difyzje mei 85,83 punten.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It ferplichte stik dat orkesten yn de tredde difyzje spylje moasten, wie 'Of Skies, Rivers, Lakes and Mountains' fan Philip Sparke.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earste difyzje

Yn Drachten waard CMV Euphonia út Wommels tredde yn de earste difyzje mei 86,33 punten. Winner yn dy earste difyzje wie Koninklijk Harmoniegezelschap O.B.K út Zeist.

Yn de earste difyzje moasten de orkesten ferplicht it stik 'Osakan Jubilee' fan Jan van der Roost spylje.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Twadde difyzje

Yn de twadde difyzje einige Crescendo út Drachten op it twadde plak mei 82,00 punten.

Kampioen waard Harmonie'67 út Grins mei 83,16 punten.

Yn dizze difyzje wie it ferplichte stik 'The Curse of the Mermaid' fan Thomas Doss.

(advertinsje)