Arjan Stroetinga wurdt twad en Bianca Bakker tred by KPN Maraton Cup

04 nov 2018 - 07:46

Arjan Stroetinga fan Wynjewâld is sneon as twadde einige by de KPN Maraton Cup yn Utrecht.

Foto: Timsimaging

De reedriders fan A-ware waarden yn de finale ynhelle en Bart Swings koe der sa fan trochgean en kaam as earste oer de streek. Sjoerd den Hertog waard tredde.

Yn it klassemint nei trije wedstriden bliuwt Sjoerd den Hertog lieder.

Foto: Timsimaging

Froulju

By de froulju sprinte Bianca Bakker fan Wynjewâld foar de tredde kear nei it tredde plak. De winst gie nei Francesca Lollobrigida en Manon Kamminga fan It Hearrenfean waard twadde.

Manon Kamminga liedt de KPN-kompetysje.

(advertinsje)