Hearrenfean lottet amateurs yn KNVB-beker, Cambuur moat tsjin earedifyzjonist

SC Hearrenfean moat it yn de tredde ronde fan de KNVB-beker opnimme tsjin Odin '59 yn Heemskerk. Cambuur hat Fortuna Sittard lotte. Dy ploech wie foarich jier kampioen fan de earste difyzje.
Yn 2009 wûn Hearrenfean de KNVB-beker © ANP
Odin '59 ferraste yn de foarige ronde fan de beker troch earedifyzjeploech Emmen út te skeakeljen. De klup komt út yn de tredde difyzje. ONS Snits en de Harkemase Boys spylje op itselde nivo. Odin '59 stiet alfde yn de kompetysje.
Cambuur hat it minder troffen. Se moatte nei Sittard. De klup stiet no op it trettjinde plak yn de earedifyzje. Mark Diemers spilet dêr. Hy komt út Ljouwert, en kaam earder út foar Cambuur.
De wedstriden yn de tredde ronde fan it bekertoernoai wurde spile yn de wike foar de krystdagen, op tiisdei 18, woansdei 19 of tongersdei 20 desimber.