Suzanne Schulting wint op 1500 meter yn Calgary nei fotofinish, Knegt diskwalifisearre

03 nov 2018 - 23:14

Suzanne Schulting hat fuort by de earste wrâldbeker in gouden medalje helle. Yn Calgary pakte se de winst op de 1500 meter. Yn de lêste bocht lei Schulting twadde. Courtney Lee Sarault út Kanada lei earste. Schulting koe har noch krekt foarby ride.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

Der moast in fotofinish oan te pas komme om te sjen dat Schulting mei milimeters ferskil wûn. De Russin Ekaterina Efremenkova waard tredde. Rianne de Vries waard yn de heale finale útskeakele op de 1500 meter.

By de froulju wie der ek in sulveren medalje foar Yara van Kerkhof op de 500 meter.

Dubieuze penalty foar Knegt

By de mannen krige Sjinkie Knegt in penalty tsjin yn de heale finale fan de 1500 meter. Hy hie him twa kear knap werom knokt nei de foarste plakken. Oan de ein gie er ûnderút. De skiedsrjochters hiene lang nedich foar in beslissing, mar fûnen dat Knegt in block mei syn earm die.

Itzhak de Laat waard yn de heale finale fan de 500 meter útskeakele. Hy einige yn de kwartfinale net by de beste twa, mar gie as tiidrapste dochs troch. Syn startposysje yn de heale finale soarge der lykwols foar dat hy kânsleas wie, as lêste einige en him ek net pleatste foar de B-finale.

Jasper Brunsmann waard op de 500 meter yn de kwartfinale útskeakele. Brunsmann hie de pech dat hy by de start yn de mangel kaam tusken twa Koreanen yn. Brunsmann makke syn debút op de wrâldbeker.

Relayploegen nei de finale

De Nederlânske relayploegen gongen alle trije troch nei de finale. De mixed relay, mei Schulting, Breeuwsma, Van Ruijven en Knegt, waard earste foar Amearika, Kanada en Kazachstan. Snein treffe se yn de finale Amearika, Sina en Súd-Koreä.

De manljusploech, folslein Frysk mei Knegt, Breeuwsma, De Laat en Visser, waard krekt twadde efter Súd-Koreä.

De froulju, mei De Vries, Schulting, Van Kerkhof en Van Ruijven, waarden twadde krekt efter Ruslân.

(advertinsje)