Sliedrecht Sport makket yn trije sets dien wurk fan VC Snits

03 nov 2018 - 22:47

Follybalploech VC Snits is der sneontejûn net yn slagge om te winnen fan Sliedrecht Sport. Yn de Sneker Sporthal wiene de Fryske froulju set nei set de mindere.

Foto: Antsje Cnossen

Op papier wie Sliedrecht Sport ek de sterkste. De ploech is regearjend lânskampioen en bekerhâlder. Dat bliek terjochte. De Snitsers koene der net in soad tsjinyn bringe. Se ferlearen alles.

De wedstriid wie yn trije sets dien. It waard 19-25, 21-25 en 23-25. Sliedrecht Sport wûn mei 0-3.

(advertinsje)