UNIS Flyers winne bekerwedstriid fan Geleen mei 4-2

03 nov 2018 - 22:32

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha yn de striid om de beker Geleen ferslein. Yn eigen hûs waard it 4-2. Troch de winst hâldt Hearrenfean sicht op it thúsfoardiel yn de heale finales. Wa't dan twa fan de trije wedstriden wint, giet troch nei de finale.

Pippo Limnell Finocchiaro fan de UNIS Flyers - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei in lyts kertierke yn in drok Thialf iepene Dean Moors de skoare foar Geleen. Pas yn de twadde perioade kaam Hearrenfean op likense hichte. Brent Janssen prikte de puck yn de goal neidat in hurd skot fan Trevor Hunt lizzen bleaun.

Marco Postma sette de Flyers op in 2-1 foarsprong nei fyftich minuten, en fjouwer minuten letter makke Trevor Hunt der 3-1 fan. It wie in powerplaygoal.

Twa minuten letter like Geleen noch even werom te kommen, doe't Glenn Bakx de 3-2 makke, mar Adam Bezak skoarde rillegau de 4-2. Doe wie it klear. Trevor Hunt is útroppen ta man fan de wedstriid. Hy skoarde ien kear, en hie twa assists.

Foto: Martin de Jong

Snein begjint de BeNe-League foar de UNIS Flyers. De earste wedstriid is yn Luik.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)