Mei de Noord-Zuidlijn nei Metrostasjon Ljouwert?

03 nov 2018 - 21:55

In nuver gesicht op de Julianaleane yn Ljouwert. Op de rotonde by it Julianapark stie sneon ynienen in yngong fan in metrostasjon. It giet hjir lykwols net om in nij ferkearsprojekt fan de gemeente, mar om in keunstwurk.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

It wurk is oarspronklik makke foar in stik greide yn Oerisel, en wurdt sûnt dy tiid op ferskate plakken yn Nederlân delset. Sa hat it keunstwurk al yn Haarlem, Deventer en Zutphen stien.

It wurk fertelt oer de berikberens fan in bepaald plak, en moat de diskusje op gong bringe oer mobiliteitsfragen. Bygelyks hoe soe it wêze as de Rânestêd mar fiif minuten riden is? Komt dan de famylje út Amsterdam faker del? Of sil it krekt in soad toeristen nei Ljouwert tabringe?

It keunstwurk is in inisjatyf fan de stichting foar byldzjende keunst VHDG en LF2018. It metrostasjon sil oant desimber yn Ljouwert stean.

Trefwurden: 
Ljouwert LF2018 keunst Metro
(advertinsje)