Basketballers fan Aris yn eigen hûs hurd ûnderút tsjin Zwolle

De basketballers fan Aris kamen der kwealik oan te pas yn de wedstriid tsjin Zwolle. Yn eigen hûs ferlearen de Ljouwerters mei 59-105. Se hiene gjin skyn fan kâns.
Coach Tony van den Bosch jout de mannen fan Aris ynstruksjes yn de rêst © Omrop Fryslân, Eric Ennema
Nei it earste kwart stie Aris al op in 11-21 achterstân, en by de rêst wie dy achterstân oprûn oant 29-52. En alwat coach Tony van den Bosch ek sei, bot hat it net holpen. Aris hie it swier. Nei trije kwart stie der in stân fan 43-82 op it skoareboerd. En mei in einstân fan 59-105 skeat Zwolle de ljochten út yn it Kealledykje.