Basketballers fan Aris yn eigen hûs hurd ûnderút tsjin Zwolle

03 nov 2018 - 21:46

De basketballers fan Aris kamen der kwealik oan te pas yn de wedstriid tsjin Zwolle. Yn eigen hûs ferlearen de Ljouwerters mei 59-105. Se hiene gjin skyn fan kâns.

Coach Tony van den Bosch jout de mannen fan Aris ynstruksjes yn de rêst - Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

Nei it earste kwart stie Aris al op in 11-21 achterstân, en by de rêst wie dy achterstân oprûn oant 29-52. En alwat coach Tony van den Bosch ek sei, bot hat it net holpen. Aris hie it swier. Nei trije kwart stie der in stân fan 43-82 op it skoareboerd. En mei in einstân fan 59-105 skeat Zwolle de ljochten út yn it Kealledykje.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(advertinsje)