Sander Arends ûnderút yn Dútske Eckental

De Ljouwerter Sander Arends en syn dûbelmaat Romain Arneodo spilen sneontemiddei de heale finale fan it challengertoernoai yn it Dútske Eckental. Dy ferlearen se mei 7-5, 5-7 en 11-13.
Sander Arends © www.orange-pictures.nl
It stel naam it op tsjin de Frânske Hugo Nys en de Skotske Jonny O'Mara. Yn de earste set waard it 7-5. Se krigen yn de twadde set matchpoints op 5-2 en 5-4. Yn de supertiebreak stiene se op foarsprong mei 4-0 en 6-2. Dernei krigen Arends en Arneodo wer in matchpoint op 10-9.
It Frânsk/Skotske duo wist der yn de lêste set lykwols 11-13 fan te meitsjen en gie der dus mei de winst fantroch.
Arends en Arneodo sille kommende wike wer yn aksje komme yn Nantes, Frankryk.