Sneonsfuotbal: VV Bûtenpost-SVZW einiget yn lykspul

03 nov 2018 - 20:55

VV Bûtenpost wist it op Sportpark De Swedde net ta in oertsjûgjende oerwinning te bringen. De wedstriid foar ploegen yn de haadklasse B einige yn lykspul.

Trainer René van der Weij fan Bûtenpost by in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste tweintich minuten sette SVZW sterk útein. De Blaukes hienen it fuortendaliks al dreech. Joran Olijve fan Bûtenpost besocht it mei in ôfstânsskot, mar skeat neist. In bal fan Robin Huisman waard efkes letter ek keard troch de keeper fan SVZW.

It earste doelpunt fan de wedstriid waard skoard troch Frank Smit, fan SVZW. De beide ploegen giene mei 0-1 it skoft yn.

Nei de rêst gie it de Fryske ploech al mear foar de wyn. Yn de lêste tweintich minuten wist Berend Schootstra de stân op 1-1 te setten. Bûtenpost krige dêrnei noch genôch kânsen en spile goed. Mar in doelpunt kaam der net mear. It waard 1-1.

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost SVZW
(advertinsje)