Epke Zonderland krijt keninklike lokwinsken fan Willem-Alexander en Máxima

03 nov 2018 - 20:09

Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima ha de Fryske turner Epke Zonderland fan herte lokwinske mei syn tredde wrâldtitel op de rekstôk. Dat meldt de ryksfoarljochtingstsjinst RVD op twitter.

"Met een fantastische rekstokoefening heeft Epke Zonderland opnieuw de wereldtitel op zijn naam gezet. Van harte gefeliciteerd met deze derde gouden prestatie!"

Zonderland waard sneon yn Katar foar de tredde kear wrâldkampioen op de rekstôk. Koart nei syn gouden optreden waard er ek lokwinske troch rekôrynternasjonal Wesley Sneijder. Dy spilet yn de nasjonale kompetysje fan Katar.

"Gefeliciteerd, ik ben geweldig trots op je", sei Sneijder tsjin Zonderland. De NOS registrearre it petear. "Ik heb genoten, je ziet dat wij dat als Nederlanders goed kunnen: presteren op het moment suprème."

Sneijder moast in dei earder noch fuotbalje. "Toen ik hoorde dat het WK turnen hier was en ik zag dat ik vrij had, twijfelde ik geen moment: ik wilde erbij zijn. Dit is topsport. Het maakt niet uit welke sport het is, ik leef mee. Ik weet wat hij ervoor moet doen en laten."

(advertinsje)