Gouden Epke draacht oerwinning op oan soan: "Dizze is foar Bert"

"Dizze is foar Bert." Dat sei turner Epke Zonderland neidat er foar de tredde kear yn syn karriêre wrâldkampioen waard op de rekstôk. Sa draacht er de oerwinning op oan syn soan Bert Eize. Dy is eksakt trije wiken lyn berne.
Epke Zonderland nei syn gouden oefening yn Doha © ANP
"Ik mis him hiel bot fansels, mar as je dit dan berikke, hat it de muoite wurdich west. Ik ha hiel wat opofferje moatten."
Zonderland turne op it wrâldkampioenskip yn Doha ien fan syn bêste oefeningen ea. "Wat in topoefening wie dit! Mar it wie ek wol dreech. Ik wie behoarlik senuweftich. Dat bin ik altyd. Mei de training gong it wol goed, mar je moatte it noch wol wier meitsje", sei de âld-Lemster tsjin de NOS.

Wachtsjen wie spannend

It wie net fuortendaliks nei de oefening dúdlik dat Zonderland de bêste wie. Hast alle oare turners kamen nei him oan bar. Foaral de Japanner Kohei Uchimura wie in bedriging.
"Ik wist dat it dreech wurde soe om my noch foarby te gean. Mar Uchimura hie it wol kind. It wie noch wol spannend." De einskoare fan Zonderland wie 0,300 punten heger as dy fan de Japanner.
Epke Zonderland
Foar Zonderland is it de earste wrâldtitel sûnt 2014. "Hearlik! Dit is echt top!"

Lokwinsken fan Mark Rutte

Neidat er de telefoanyske lokwinsken krige hie fan premier Rutte - dy't yn de auto siet, en sels de oefening net sjoen hie, mar belle wie troch syn suster - fertelde Zonderland hoe bysûnder dit jier foar him ferrûn is. "Der is echt neat misgien." Zonderland is dit jier dokter wurden, en trije wiken lyn is syn soan berne.
"Der is neat moaier as wrâldkampioen wêze", seit Zonderland. "Ik ha wol twivele, doe't it minder gong, oft ik dit nivo noch wol oan koe. Mar by de EK yn Glasgow fielde it al goed." Dêr waard Zonderland twadde. "En no ha ik it idee dat ik noch wol groeie kin nei de Spelen yn Tokio."
Zonderland hie ferwachte dat er wat mear enerzjy krije soe, no't er heit wurden is. Hy koe de oefening goed oan, mar hy woe dêrnei "sa gau mooglik" nei hûs.