Douwe de Vries makket him op foar it seizoen fan de revâns

03 nov 2018 - 19:01

It reedrydseizoen is dit wykein úteinset mei it kwalifikaasjetoernoai foar de wrâldbekers yn Thialf. Der ha nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen by kaam. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen eltse dei yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. As lêste stelle we foar: Douwe de Vries fan It Hearrenfean.

Fan herte lokwinske! Hoe is it om heit te wêzen?

"Hiel leuk, ja super!"

Sist noch op de rôze/blauwe wolk?

"De earste dagen wol, dat is ek wol nedich want sliepst hast net. We binne no in pear wiken fierder en ik fyn it noch hieltyd geweldich. Mar it wurdt wat rêstiger en gelokkich sliep ik wer wat langer. Dus ik rjochtsje my no op it kommende seizoen."

De grutste drokte is no wat efter de rêch. Komt dat dan ek wol goed út sa krekt foar it seizoen?

"As ik it pland hie, hie ik dat wat earder dien. Ergens yn de simmer dan. Mar it is wat it is. Je witte it foarôf. Ik moast in trainingskamp sjitte litte yn ferbân mei de befalling. Mar dat wist ik. It is allinne net ideaal foar it riden."

Oer it riden sprutsen. Hoe giet it?

"It giet goed! Ik ha in goeie simmer hân. Mar dat seit tink ik eltsenien. Ik ha in hurdfytswedstriid wûn en goeie fytstesten. Dat is lekker foar de kondysje. Dus ik ha goeie hoop. We sjogge dit wykein wol wat it wurdich is."

Sjochst dit ek as it jier fan de revâns, omdatst ferline jier in mislearre seizoen hân hast?

"Ja. Dêrfoar ryd ik eins noch in jier. Foarich jier woe ik echt hiel graach nei de Olympyske Spelen. It hiele seizoen wie ik kondisjoneel goed, allinne ik wie hieltyd op de ferkearde mominten siik. It hat in pechseizoen west en sa woe ik it net ôfslute. Dus ik woe noch in jier ride. En ik ha it idee dat ik dat fysyk noch altyd kin."

Wannear sjochst tefreden werom op dit jier?

"It moaiste soe wêze as ik meidwaan kin oan it WK ôfstannen yn Inzell. Dat is it doel. Dat helje is al geweldich, mar ast dat hellest wolst dêr ek goed ride. Mar it is dreech der te kommen. Oant dy tiid wol ik my pleatse foar de wrâldbekers. Dat is it earste doel."

Team Jumbo bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Sven Kramer
  • Douwe de Vries
  • Antoinette de Jong

Oare riders yn it team binne:

  • Carlijn Achtereekte
  • Joy Beune
  • Kjeld Nuis
  • Hein Otterspeer
  • Jan Smeekens
  • Thomas Krol
  • Patrick Roest
  • Chris Huizinga
  • Sanne in 't Hof (stazjêre)
(advertinsje)