Antoinette de Jong ek de bêste op de 3000 meter

03 nov 2018 - 18:05

Antoinette de Jong hat nei de winst op de 1500 meter ek de 3000 meter wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Yn de lêste rit tsjin Ireen Wüst naam de Rotster yn de lêste rûntsjes ôfstân. De winnende tiid fan De Jong: 4.01.79.

Antoinette de Jong en Ireen Wüst - Foto: OrangePictures

Melissa Wijfje waard twadde mei in persoanlik rekôr fan 4.03.18. Esmee Visser, de Olympyske kampioen op de 5000 meter, waard tredde yn 4.04.10. Ireen Wüst einige as fjirde yn 4.04.13. Reina Anema fan De Gordyk ried ek in persoanlik rekôr: 4.04.35, goed foar it fiifde plak. Dizze fiif froulju meie nei de wrâldbekerwedstriden yn Japan en Poalen.

(advertinsje)