ONS Snits wint thúswedstriid fan Lisse mei 2-1

ONS Snits hat de thúswedstriid tsjin Lisse yn de tredde difyzje fan it amateurfuotbal wûn mei 2-1. It is de tredde winst op rige foar de Snitsers.
Barry Ditewig fan ONS © www.orange-pictures.nl
Yn de earste helte kaam Lisse nei 17 minuten op foarsprong. Oussama Siali skeat de earste de bêste bal der yn. Klaas de Vries fan ONS Snits koe flak foar de rêst de stân yn lykwicht bringe. Ien minút foar de rêst skoarde hy de 1-1.
Pas yn de tachtichste minút foer de beslissende treffer foar de Snitsers. It wie Ale de Boer dy't de oerwinning binnenhelle mei in dúdlik doelpunt.