Harkemase Boys al nei 33 sekonden op achterstân tsjin Noardwyk, einstân 4-1

De fuotballers fan de Harkemase Boys ha de kompetysjewedstriid tsjin Noardwyk ferlern mei 4-1. Al yn de earste minút kamen de Friezen op achterstân. It is net mear goed kaam.
De hichtepunten fan de wedstriid
De earste minuten fan de wedstriid wienen razend spannend. Nei 33 sekonden skoarde Sabir Achefay foar Noardwyk de 1-0. Hy stie hielendal frij. Trije minuten letter wie it alwer lykspul troch in doelpunt fan Robert Stelpstra.
Robert Stelpstra fan de Harkemase Boys © www.orange-pictures.nl
Op slach fan rêst skoarde Nick van Staveren foar Noardwyk de 2-1. Noardwyk dominearre de wedstriid. Van Staveren wie ek bepalend by de 3-1, doe't er nei in hoekskop de bal fia syn ploechgenoat Tjeerd Westdijk de goal yn kopte.
Yn de slotfaze fan de wedstriid krige Noardwyk in penalty, omdat ien fan de spilers fan de Harkemase Boys hands makke yn it strafskopgebiet. Earder hiene de spilers fan de Harkemase Boys ek appellearre foar in strafskop, mar se krigen nul op it rekest. Thomas Reynaers skoarde fanôf 11 meter, en bepaalde de einstân op 4-1.