Patrick Roest wint ek de 1500 meter, De Vries tredde en Kramer fiifde

Patrick Roest en Kjeld Nuis wiene de smaakmakkers op de 1500 meter fan it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Roest, freed al winner fan de 5000 meter, wûn de ôfstân yn 1.44.42. Dat wie in persoanlik rekôr en de sechsde tiid ea op it iis fan Thialf. Olympysk kampioen Kjeld Nuis ferspile yn de lêste 400 meter tefolle. Hy waard twadde yn 1.44.51.
Patrick Roest © OrangePictures
Douwe de Vries helle in moai tredde plak yn 1.46.06. Thomas Krol waard fjirde yn 1.46.40 en Sven Kramer fiifde yn 1.47.34. Dizze fiif riders, allegearre fan it team Jumbo, sille foar Nederlân útkomme yn de earste trije wrâldbekerwedstriden yn novimber en desimber yn Japan en Poalen.
Douwe de Vries © OrangePictures
Douwe de Vries 1500 meter manlju