Sanne Wevers fersmyt medaljekânsen op WK troch flaters

Sanne Wevers hat gjin medalje oerholden oan har optreden yn de finale op de balke by it WK turnjen yn Doha. Se like kânsryk, trochdat in protte konkurrinten flaters makke hienen, mar nei in kombinaasje fan in losse rêdslach nei in flikflak stapte se te betiid fan de balke.
Sanne Wevers yn Doha © ANP
Wevers wennet op It Hearrenfean. Se groeie op yn Oldenzaal, en is berne yn Ljouwert. Se skoarde 12,666 punten. Dêrmei waard se sânde.
It goud wie foar de Sineeske Liu Tingting. Dy stuts fier boppe de oaren út mei in skoare fan 14,533. It sulver gong ferrassend nei de fyftjinjierrige Anne-Marie Padurariu út Kanada. De Amerikaanske Simone Biles bleau net sûnder flaters, mar helle wol brûns.
Wevers koe net ferklearje hoe't it mis gean koe. "Deze fout heb ik in een wedstrijd nog nooit gemaakt. In een training misschien een maand of vier voor het laatst. Ik weet echt niet hoe het kwam, maar ik zat er zo naast."