Letitia de Jong wint 500 meter

Letitia de Jong hat sneon de 500 meter wûn op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. De Feanwâldster ried 38.48. Jutta Leerdam waard twadde yn 38.51. De tredde tiid wie foar Femke Beuling 38.68.
Letitia de Jong © OrangePictures
Janine Smit fan It Hearrenfean waard fjirde yn 38.82 en Esmé Stollenga fiifde yn 38.89. Dizze fiif froulju meie no nei de wrâldbekerwedstriden yn Japan en Poalen. Anice Das stelde teloar, se waard achtste yn 39.05.
Janine Smit © OrangePictures
Letitia de Jong wie net echt ferbaasd oer har prestaasje, mar wol opluchte.
Letitia de Jong 500
De prestaasje fan Anice Das foel bot ôf. Ferline jier stie se noch op de Spelen, no falt se fier bûten de top fiif.
Anice Das 500 m