Ljouwerter strjitte ôfsletten fanwege gaslek, brânwacht mjit 'gefaarlik hege' wearden

03 nov 2018 - 15:09

Yn Ljouwert hat de Spanjaardsleane hast in oere lang ôfsletten west fanwege in gaslek. De brânwacht hat gefaarlik hege gaswearden metten fia de brievebus fan it hûs dêr't de gaslucht melden wie. In nutsbedriuw hat de gaslieding ôfsletten.

De Spanjaardsleane wie ticht tusken de Rengersleane en de rotonde mei de Leeuwerikstrjitte.

De Spanjaardsleane is ticht - Foto: Nick den Boer
Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht gaslek
(advertinsje)