Theun Wiersma is de nije listlûker fan 50PLUS

03 nov 2018 - 13:38

Theun Wiersma fan Drachten wurdt yn maart takom jier de nije listlûker fan 50Plus by de provinsjale steateferkiezings. De leden fan de partij keazen Wiersma sneon ta nije lieder.

Foto: Omrop Fryslân

Wiersma folget Jan Waterlander fan Ljouwert op. Waterlander sit sûnt 2015 as iennichste foar de partij yn Provinsjale Steaten en hie him ek wer kandidaat steld as listlûker.

Foto: Omrop Fryslân

No't de leden Wiersma keazen ha, lûkt Waterlander syn kandidatuer yn. Hy krijt stipe fan fjouwer oare kandidaten foar de list, dy lûke har ek werom.

By de ledegearkomste yn Hotel Campanile stimden 18 leden foar Wiersma, 10 stiene efter Waterlander.

(advertinsje)