Boatebranche sit wer yn de lift; mear besikers op Motorboot Sneek

03 nov 2018 - 13:23

It giet better yn de boatebranche nei in oantal swiere jierren. Dat fernimme se ek by Motorboot Sneek. De boateshow wurdt it hiele wykein organisearre troch seis Snitser skipswerven. It oantal besikers derfan groeit alle jierren.

De werven lizze ticht by elkoar en jouwe mei syn allen ek noch trettjin gastwerven de romte om harren skippen yn de etalaazje te setten.

Dat soarget foar ynternasjonale belangstelling. Minsken út bygelyks Dútslân en België komme it hiele wykein spesjaal foar de boaten nei Snits.

De Global Voyager, in skip fan in miljoen euro - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Foaral de ferkeap fan twaddehânske boaten giet wer in stik better as in pear jier lyn. De bou fan nije skippen is stabyl, mar noch altyd minder as foar de krisis.

"Dêr't we earst wol sa'n 1.500 skippen yn it jier bouden, sitte we no ûngefear op 250 skippen", fertelt Mark Bakker, foarsitter fan Motorboot Sneek.

(advertinsje)