Dokkum en doarpen fan Dongeradiel nimme ôfskied fan de gemeente

03 nov 2018 - 12:43

Nei 34 jier nimme de ynwenners fan Dongeradiel ôfskied fan harren gemeente. Dongeradiel foarmet fan 1 jannewaris ôf mei Kollumerlân en Ferwerderadiel de gemeente Noardeast-Fryslân.

Yn Dokkum en de doarpen yn de gemeente binne dizze sneon tal fan aktiviteiten om stil te stean by de ein fan de gemeente Dongeradiel. Dy gemeente ûntstie yn 1984 út in gearfoeging fan Dokkum, Westdongeradiel en Eastdongeradiel.

Feest

Yn en by de Bonifatiuskapel yn Dokkum is sneontejûn in feest. "De ynrin is om 20.00 oere mei op twa poadia foarstellingen mei dichters, byldzjende keunst en muzyk. Om 21.00 oere is der spektakel yn de kapel mei in foarstelling. Nei ôfrin is der in hapke en in drankje," seit Jan Jongsma, foarsitter fan de Stichting Stadsfeesten Dongeradiel.

Yn tal fan doarpen yn de gemeente binne sneontemiddei ferskate aktiviteiten, dat fariearret fan muzyk oant foto-útstallingen. De start dêrfan is 15.00 oere.

Auke Zeldenrust praat mei Jan Jongsma

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Dongeradiel ôfskied
(advertinsje)