'Dach fan ut Stadsfrys' moat mear omtinken oan Stedsfrysk jaan

03 nov 2018 - 12:17

Sprekkers fan it Stedsfrysk soene inoar faker opsykje en mear stypje moatte. Dat seit Theo Kuipers, de foarsitter fan 'Ut Genoatskip foar ut behoud fan ut Franekers'. Yn Frjentsjer is dizze sneon de earste 'Dach fan ut Stadsfrys'.

De inisjatyfnimmers fine dat it Stedsfrysk wol wat oandacht brûke kin, want it Stedsfrysk buorket yn de measte Fryske stêden achterút.

Yn Ljouwert leit it persintaazje Stedsfrysk op sa'n 11 oant 15 persint en nimt it gebrûk ûnder de jongeren hurd ôf. Mar yn de mear westlike Fryske stêden Harns, Boalsert en Starum is it persintaazje Stedsfryskpraters in stik heger. Neffens redakteur Klaas Zwaan fan it Stavers Krantsie praat yn dy stêd sa'n 60 fan de ynwenners Stedsfrysk. De Starumers ha in skoftke lyn sels in taaltelling útfierd, omdat de gegevens fan dy stêd net goed werom te finen binne yn de ûndersiken fan de Fryske Akademy. Krekt omdat it persintaazje Stedsfryskpraters sa heech is yn Starum soe Zwaan it moai fine as in folgjende edysje fan de 'Dach fan ut Stadsfrys' nei syn stêd komme soe.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Theo Kuipers tinkt dat it Franekers noch aardich mear brûkt wurdt. Hy is der dan ek grutsk op dat de earste 'Dach fan ut Stadsfrys' yn syn stêd plakfynt.

Der binne lêzingen fan ûnder oare Reitze Jonkman en Arjen Versloot. Yn de Martinitsjerke sil 'kommissares fan de Keuning' Arno Brok middeis it earste eksimplaar fan 'Sprokies fan Grimm it ut Stadsfrys' yn ûntfangst nimme.

Onno Falkena praat mei Theo Kuipers

Carmen Peper, Reitze Jonkman en Klaas Zwaan oer it Stadsfrys

(advertinsje)