Fûnis út 1943 is bewurke ta teäter: rjochters litte har gewisse sprekke

03 nov 2018 - 11:25

Yn hoefiere litte rjochters harren gewisse sprekke as se oardielje oer in fertochte? Dy fraach stie freed sintraal yn it teäterstik 'Om des gewetens wille', dat dizze wike trije kear opfierd wurdt yn it gerjochtshôf fan Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It publyk mei yn it stik sels syn miening jaan oer de rol fan de rjochters.

It stik is basearre op in fûnis út 1943 wêrby't trije Ljouwerter riedshearen in dief frij útgean lieten om foar te kommen dat er slachtoffer wurde soe fan de Dútske besetter.

"Ze gaven de verdachte een lagere straf omdat hij anders naar het strafkamp in Ommen moest en daarvan was bekend dat de mensenrechten ernstig werden geschonden. Ze wilden hem daar niet aan blootstellen. De straf was gelijk aan de tijd dat hij in voorarrest had gezeten," leit Fred van der Winkel, presidint fan it gerjochtshôf út.

Auke Zeldenrust praat mei Fred van der Winkel, presidint fan it gerjochtshôf

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)