Kin Epke Zonderland fjouwer flechteleminten sjen litte op it WK?

03 nov 2018 - 10:13

Foar de tredde kear kin Epke Zonderland sneon wrâldkampioen wurde op de rekstôk. It is de lêste dei fan it WK. It kampioenskip yn Doha is fan 14.00 oere ôf te sjen op de telefyzje op NPO 1.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Lemster sei yn it foar oer de kommende oefening dat er tefreden is as der fjouwer flechteleminten yn syn oefening sitte. Hy hat oait fiif flechteleminten achter elkoar dien. Ferline jier by it WK griep er mis en draaide oan ien hân.

In goede kâns op goud

"Yn de lannewedstriid ha ik de earste kombinaasje derút litten, omdat ik gjin risiko nimme woe" seit er. "De twadde kombinaasje rûn goed, dat joech my in soad selsfertrouwen. Mei fjouwer flechteleminten meitsje ik in goede kâns op goud."

Konkurrint Uchimura giet as bêste de finale yn, mar de Japanner hat yn Doha noch net oertsjûgje kinnen. Hy hat in ankelblessuere en wol neat forsearje op wei nei de Olympyske Spelen fan Tokio 2020.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sanne Wevers

Neist Epke Zonderland (likernôch 16.30 oere) komt ek Sanne Wevers yn aksje op de balke, dat is om 14.30 oere. Op dat tastel pakte se olympysk goud yn Rio.

(advertinsje)