Ferbou paviljoen en rekreaasjewenten oan Snitser Mar komt stap tichteby

03 nov 2018 - 08:45

De ferbou fan it ferneamde paviljoen mei rekreaasjewenten en haven oan de Snitser Mar is wer in stap tichteby kaam. De gemeente Súdwest-Fryslân wurket planologysk mei oan de ferbou fan it restaurant en kantoar op it terrein by Offenwier.

Merijn Storm van Leeuwen

Fan it kantoar wurdt in rekreaasjeferbliuw makke en it restaurant wurdt ek by de tiid brocht mei in nije útbou en tunen.

Boubedriuw Friso is der al klear foar, mar alle prosedueres binne noch net folslein rûn. De ferbou fan de haven is al ûnderweis.

Nij is dat de ynvestearders 29 farrende wenskippen ferkeapje wolle. Dy krije der in eigen steiger by, mar kinne ek de haven út om dêrnei in moai plakje te sykjen op de Snitser Mar. Der is foar seis persoanen plak op sa'n wenskip. "Voor Friesland is dat een uniek concept," seit Merijn Storm van Leeuwen.

Dat kin ek foar har dien wurde as se net safolle ûnderfining hawwe op it wetter, seit Merijn Storm van Leeuwen, ien fan de eigeners.

Nochris Merijn Storm van Leeuwen

Trefwurden: 
ferbou Snitser Mar paviljoen
(advertinsje)