Kollum: "Bon Jovi yn Thialf"

03 nov 2018 - 08:20

"Yn it jier 1969 waard yn Amsterdam in suvelfabryk sletten. Dat fabryk wie yn 1920 kocht troch de Onderlinge Vereeniging van Veehouders om der suvere komolke te ferkeapjen. De OVVV fusearre ein jierren 60 mei de Melkunie en letter mei it almachtige Campina.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De kollum fan Ferdinand de Jong

"As we noch wat werom gean yn de skiednis, wie it fabryk oarspronklik ynrjochte as sûkerraffinaderij mei de namme Spakler en Tetterode. Dy menear Spakler stie bekend as ûndernimmer en filantroop. Hy hie nea tinke kinnen dat syn fabryk nei 1969 earst in jier leech stean, en dêrnei omboud wurde soe nei in kultureel sintrum.

Allinnich de namme fan it oan de Lijnbaansgracht situearre gebou docht noch tinken oan earder tiden, want de akkommodaasje hjit hjoed-de-dei De Melkweg. In prachtige histoarje en moai dat ditsoarte gebouwen net domwei sloopt wurde. Yn de jierren 70 wie it âld suvelfabryk moetingsplak foar hippies, letter wie it poadium foar optredens fan doe noch frijwat ûnbekende bands as U2, Nirvana, Lady Gaga en Pearl Jam, om mar ris wat nammen te neamen.

Ek Paradiso yn de haadstêd is sa'n foarbyld fan in goed bewarre stikje histoarje. Earder in tsjerke, no foaral bekend fan syn konserten yn it populêre sjenre. Fansels binne der yn Fryslân ek tal fan tsjerken en eardere gemalen dy't foar in hiel oar doelein brûkt wurde as dêr't se foar boud binne. De Bidler yn Wergea, De Spylder yn Warns en it Tripgemaal yn Gersleat bygelyks. De gebouwen azemje de histoarje en eveneminten dy't je der organisearje ha faaks allinnich dêrtroch al wat ekstra.

Snein wienen wy yn Amsterdam om in konsert yn De Melkweg mei te meitsjen. We wienen net de iennichste noarderlingen dy't de reis makke hienen. Grinzers, Friezen en Drinten by it soad yn in stamfolle seal. Allegearre foar de band Blackberry Smoke. Dêr sille in soad fan jim noch nea fan heard ha.

Dochs timmerje de manlju út it Amerikaanske Atlanta yn de steat Georgia al 20 jier oan de wei. It is typyske Southern Rock sa as dat bygelyks bekend wurden is troch groepen as Lynyrd Skynyrd en de Black Crows.

It wie in geweldich konsert, foar my de twadde kear dat ik de band live seach en ik bin der hast wol wis fan dat ik noch in kear op werhelling gean sil as de kâns him foardocht. It foarprogramma wie sa hurd dat de plestik glêzen hast knapten, mar sa as faak wie it lûd by de haadattraksje sa goed útbalansearre dat je gewoan mei elkoar prate koenen.

Mar wêrom moatte wy eins altyd in ein ride om soks te sjen?

Wêrom brûke wy moaie, besteande en klearsteande akkommodaasjes yn Fryslân net om toppers hjirhinne te heljen? Bygelyks in hal as Thialf stiet de hiele simmer mar wat leech. Eartiids spilen The Cure en Bryan Adams it stof dêr fan de spanten, wêrom kin soks no net mear?

Wêrom spilet Bon Jovi allinnich yn it Goffertpark en net in dei as wat letter yn Thialf of it Abe Lenstra Stadion? Kom op, Fryske popprogrammeurs, wêr is jim ambysje?"

(advertinsje)