Soarch op plattelân wurdt hieltyd dreger fanwege personielstekoart

03 nov 2018 - 08:10

It wurdt hieltyd dreger foar soarchynstellings op it plattelân om oan goed personiel te kommen. Yn gruttere plakken sa as Snits en Ljouwert slagget dat noch wol, mar bygelyks yn Blauhús en Heech is it in probleem.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mei dy warskôging komt soarchynstelling Patyna, dy't ferskate fersoargingshuzen op it plattelân hat. Se fernimme dat it hieltyd dreger wurdt om de roasters rûn te krijen.

Iepenbier ferfier

It grutste probleem neffens Marcel van der Meulen fan Patyna is dat it ferfier nei de ferskate lokaasjes lestich is. "Veel van onze jonge medewerkers wonen bijvoorbeeld in Sneek en zijn afhankelijk van het openbaar vervoer om bij de plattelandslocaties te komen. En dat lukt niet altijd op de tijden die voor ons noodzakelijk zijn. Als ze bijvoorbeeld in het weekend moeten werken of 's avonds, dan kunnen ze hier niet op tijd zijn of moeten eerder vertrekken om de laatste bus te kunnen halen."

Stress

Van der Meulen seit dat it de meiwurkers in soad stress jout. "Wij proberen ze zoveel mogelijk te helpen, maar soms is er niet zo makkelijk een mouw aan te passen."

Ek ferhûzje is net in oplossing. "In de dorpen zijn niet voldoende sociale huurwoningen beschikbaar. En bovendien zijn er vaak geen uitgaansgelegenheden die aansluiten bij wat het jongere personeel wil."

En dus kiest de jongerein faak foar in baan yn de stêd, want ek dêr hawwe se ferlet fan minsken, sa seit Van der Meulen.

Marcel van der Meulen fan Patyna

Neffens Patyna spilet it net allinnich yn de soarch, mar binne der ek in soad oare bedriuwen dy't mei itselde personielsprobleem sitte.

"Er is op zich goed overleg met de gemeente. We zitten om de zoveel weken met elkaar om tafel en hebben het dan juist hierover. Maar een echte oplossing is er nog niet. Bovendien zou ook de provincie moeten aansluiten. Zij gaan tenslotte over het vervoer."

Belbus

Meiwurkster Vivian Matitawaer wennet yn Snits en wurket yn Heech. Benammen yn de wykeinen en jûns is it dreech. "In het weekend gaat er geen bus, dan moet ik zelf een belbus regelen. Maar de laatste belbus gaat om 22.10 en de dienst duurt tot 23.00 uur."

"We moeten creatief zijn om de zorg te organiseren," seit teamlieder George Tijpens yn Heech. "De personeelsformatie staat onder druk en het is lastig om nieuwe medewerkers te vinden en aan je te binden. Dankzij de inzet en flexibiliteit van onze mensen lukt dat nog steeds, maar het wordt wel steeds lastiger."

Meiwurkster Vivian Matitawaer en teamlieder George Tijpens yn Heech

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Patyna krimp soarch plattelân
(advertinsje)