Ljouwerter byt barmeiwurker en mei fiif jier net de kroech yn

De plysje hat sneontemoarn om in oere as trije in 31-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De man waard nei bûten set nei't yn in kafee yn de Oude Doelesteeg in fjochtpartij west hie. Dêrby biet er de barmeiwurker. It die bliken dat de man al in kollektive hoareka-ûntsizzing hie, dêr't er him dus net oan hâlden hie.
De fertochte is ynsletten en syn kroechferbod wurdt mei fiif jier ferlinge.