Kollumer komt om by ferkearsûngelok op de Skieding

03 nov 2018 - 07:35

In 24-jierrige man út Kollum is yn de nacht fan freed op sneon om it libben kaam by in iensidich ûngelok by Drachtsterkompenije. Om 01:00 oere hinne botste er frontaal op in beam oan de N358, de Skieding.

Foto: De Vries Media

Helptsjinsten rieden gau út, mar help kaam te let foar it slachtoffer. De auto wie sa bot yn elkoar drukt, dat de brânwacht in skoft dwaande wie om it slachtoffer derút te krijen.

De bestjoerder is yn in bocht de macht oer it stjoer ferlern en doe tsjin in beam botst.

(advertinsje)