Spektakel by sealfuotbal, mar wol wer ferlies

02 nov 2018 - 23:54

In spektakulêre sealfuotbalwedstriid yn Stiens, mar Avanti stie wol wer mei lege hannen: 6-7 tsjin Den Haag. Ek Drachtster Boys ferlear wer. Op besite by Team Alkmaar waard it 4-2.

Nei't Avanti 0-2 efter stie, kamen de Stienzers werom ta 2-2. Dêrnei like it hielendal mis te gean: Den Haag rûn út nei 2-5 en even letter wie it 3-6. Dochs joech Avanti net op en nei trije treffers yn fjouwer minuten wie it samar 6-6. Yn de lêste pear minuten gie it dochs mis: Priscilla de Vos besoarge Den Haag de oerwinning.

Ek Drachtster Boys gie wer ûnderút. De finalist fan foarich jier stie by it skoft 1-0 efter tsjin Team Alkmaar. Yn de twadde helte waard dy efterstân allinnich mar grutter. Nei't it 3-0 stie, kamen de Drachtsters noch wol werom ta 3-2. Doe't se it slotoffensyf ynsetten, profitearre Team Alkmaar fan de romte: 4-2.

Avanti stiet nei sân wedstriden noch puntleas ûnderoan. Drachtster Boys docht it krekt wat better: seis punten en in njoggende plakje.

(advertinsje)