Justin Mathieu oer penalty: "Niet nadenken, maar schieten"

02 nov 2018 - 23:39

Justin Mathieu wie sûnder mis de man fan de wedstriid by Cambuur - Jong Ajax (2-1). Hy sette de Ljouwerters betiid op 1-0, makke nei it skoft mei in strafskop de 2-0 en krige dêrnei ek noch syn twadde giele kaart. Dêrtroch krigen de Ljouwerters it noch even dreech, mar de punten bleaunen yn Ljouwert. "Het was een bijzondere avond", sei Mathieu.

Foto: www.orange-pictures.nl

Justin Mathieu

"We hebben 11 tegen 11 gespeeld, 10 tegen 10. Maar het belangrijkste zijn de drie punten", sei de doelpuntemakker nei ôfrin. By de earste profitearre er fan min fuortwurkjen fan de Jong Ajax-doelman Kotarski. "Hij viel voor m'n neus. Ik dacht: niet nadenken, maar schieten. Hij viel er heel mooi in en ik was er heel blij mee."

Neffens plan

Betiid op foarsprong dus. Dat wie ek it plan fan de Ljouwerters. "We hadden afgesproken ze de eerste tien minuten vol onder druk te zetten. Mooi dat dat resulteert in een 1-0 voorsprong." Dêrnei wie Jong Ajax de better fuotbaljende ploech. "In het eerste kwartier hadden we het kunnen beslissen", seit Mathieu. "Maar dat doen we niet en dan loop je achter de bal aan. Zij kunnen heel goed voetballen."

Dochs kaam Cambuur op 2-0. Mathieu waard ûnderúthelle yn it strafskopgebiet en gie dêrnei sels efter de bal stean: "Ik ben altijd heel rustig met een penalty. ik ben zeker van m'n zaak."

Twa kear giel

Nei syn twa goals spile Mathieu ek in negative haadrol. Cambuur hie in man mear, mar doe't Mathieu syn twadde giele kaart pakte, waard it wer spannend. Mathieu fûn de kaart wol oerdreaun: "Ik ga altijd voor de bal. Ik kwam van de zijkant een beetje aangesprint. Met de punt van m'n voet speelde ik de bal over de zijlijn. Hij schreeuwde het uit van de pijn en stond daarna weer zomaar op. De scheids liet zich een beetje meeslepen."

Uteinlik luts Cambuur de foarsprong oer de streek. "We hebben nog een paar keer een uitbraak gehad. Als we het beter uitspelen, hadden we de 3-1 of 4-1 kunnen maken. Maar goed, drie punten."

Hake posityf oer begjin

Trainer René Hake wie benammen posityf oer de iepeningsfaze fan syn ploech: "In het begin van de wedstrijd kwamen we er goed in", sei er. "Veel druk naar voren, agressief. We zaten overal op en waren overal bij."

Mar Cambuur krige it hieltyd dreger mei de jonge Ajacieden: "We werden teruggedrongen en er waren momenten dat we wel iets meer hadden kunnen ingrijpen. Ze zijn ook razendsnel in de benen", fertelt Hake.

Yn it skoft fertelde Hake oan de spilers dat it wol wat pittiger mocht. "Na de rust was het wel iets beter. De 2-0 kwam wel goed", seit Hake. Jong Ajax hie mei mominten faker de bal, mar waard yn Hake syn eagen net mear driigjend foar de Cambuur-goal.

René Hake

(advertinsje)