Man slacht peal troch gaslieding yn Eastermar

02 nov 2018 - 23:16

Oan de Snakkerbuorren yn Eastermar is freed yn in tún in gaslek ûntstien. In man woe in peal yn de grûn slaan, mar dêrby rekke er in gaslieding. De brânwacht fan Droegeham moast derhinne en hat de situaasje feilichsteld.

Gaslek Eastermar - Foto: De Vries Media

Dat duorre wol even; in diel fan de Snakkerbuorren waard tydlik ôfsletten. Stedin, de netbehearder is nei Eastermar kaam om it ynsidint fierder ôf te hanneljen.

(advertinsje)