Auto oer de kop op It Hearrenfean

02 nov 2018 - 23:14

Op It Hearrenfean is freedtejûn in auto oer de kop slein. De helptsjinsten binne oproppen en nei it ûngelok op de Marktweg kommen. De bestjoerder is ûndersocht troch ambulânsepersoniel.

It is ûndúdlik oft der mear ynsittenden binne en oft der ek persoanen nei it sikehûs brocht binne. De strjitte is ôfsletten troch de plysje. De auto wurdt fuorthelle, lykas de oanriden lantearnepeal.

Trefwurden: 
plysje It Hearrenfean auto
(advertinsje)