Prima earste wrâldbekerdei Fryske shorttrackers yn Calgary

02 nov 2018 - 23:09

De Fryske shorttrackers binne freed yn Calgary prima oan it nije wrâldbekerseizoen begûn. Op de measte ôfstannen binne se troch nei de folgjende ronden, dy't sneon en snein ferriden wurde.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

De shorttrackers dogge twa aparte wedstriden op de 500 meter. Jasper Brunsmann docht op beide mei en is yn beide gefallen troch nei de kwartfinalen. Hy oerlibbe de foarrondes en de searjes. Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt dogge op ien 500 meter mei en sy binne ek troch.

Daan Breeuwsma en Dennis Visser kamen de searjes op de 500 meter net troch, mar sy meie mei de herkânsing noch wol besykje de kwartfinalen te heljen.

Op de 1000 meter binne De Laat en Breeuwsma troch nei de kwartfinalen. Sjinkie Knegt hat him op de 1500 meter pleatst foar de heale finale, Dennis Visser foel út mei in penalty.

Schulting en De Vries troch

Suzanne Schulting komt yn aksje op de 1000 en 1500 meter. Op de earste ôfstân is se troch nei de kwartfinalen. Op de 1500 meter hat Schulting, mar ek Rianne de Vries, har pleatst foar de heale finalen.

Relayteams ek fierder

De relayteams giene ek allegear troch. De manlju, mei Breeuwsma, Knegt, Visser en De Laat yn it team, waarden earste yn de kwartfinale. Sy bleaunen Japan en Frankryk foar en ride sneon de heale finale.

De froulju hiene it ek net dreech. Syn wûnen ek harren heat yn de kwartfinale. Rianne de Vries en Suzanne Schulting riden mei Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof. Ruslân waard twadde, Kazachstan en Hongarije waarden útskeakele yn harren heat.

Dit seizoen is der op de wrâldbekers foar it earst de mixed relay. Dat binne teams mei twa froulju en twa manlju. De Friezen Knegt, Breeuwsma en Schulting riden mei Van Ruijven en giene ek troch nei de heale finale. Se waarden earste yn harren kwartfinale, foar Ruslân, Grut-Brittannië en Poalen.

(advertinsje)