Keunstner Albert Brennink skinkt twa skilderijen oan Ljouwert

02 nov 2018 - 22:38

Boargemaster Ferd Crone hat op 2 novimber in twatal oaljeferveskilderijen fan keunstner Albert Brennink yn ûntfangst nommen. Op beide skilderijen is de Aldehou ôfbylde. De skilderijen krije in plakje yn it Historisch Centrum Leeuwarden.

Albert Brennink - Foto: Gemeente Ljouwert

Albert Brennink is yn 1924 yn Amsterdam berne en hat syn jeugd trochbrocht yn Berlyn. Syn heit, in keapman, kaam út it grinsgebiet. Brennink stamt ôf fan de bekende Brenninkmeijer-famylje.

Brennink hat de oplieding Arsjitektuerstúdzjes oan de Technische Universiteit fan Aken folge en hat in eigen arsjitektepraktyk sûnt 1954. Hy is aktyf op it mêd fan poëzy, muzyk en skilderkeunst. De skilderijen oer Ljouwert binne yn 1997 en 2009 makke.

(advertinsje)