Driftende Grouster rydt troch sintrum Ljouwert en pisset njonken auto

02 nov 2018 - 22:22

Yn Ljouwert is in driftende auto oantroffen yn it sintrum fan de stêd. De plysje trof de auto op it Saailân oan. De mooglike bestjoerder stie neist de auto te pisjen en krige dêrfoar proses-ferbaal. De man wie dúdlik ûnder ynfloed, neffens de plysje.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man ûntkende dat hy riden hie. Hy krige in rydferbod fan 24 oeren. Koart dêrnei seach de plysje de auto wer riden. De man ried op in fytspaad op it Zuiderplein. Meardere fytsers moasten foar him útwike.

Fêstriden en rinnend fierder

De bestjoerder negearre it stopteken fan de plysje en naaide út mei mear as 75 kilometer yn it oere troch de Hollanderwijk. Op de Van Loonstraat ried er him fêst en sette er it op in rinnen. De plysje wie flugger en hold de 25-jierrige man út Grou oan.

Op it buro is syn rydbewiis ynnommen. Hy krijt in proses-ferbaal foar it riden ûnder ynfloed, negearjen fan it rydferbod, te hurd riden, ride sûnder ljocht, ride tsjin it ferkear yn, gjin rjochting oanjaan en it yn gefaar bringen fan it ferkear.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)